Grut-Brittanje - Wikipedy

Grut-Brittanje

Ut Wikipedy

Dizze side giet oer it lân Grut-Brittanje. Sjoch Grut-Brittanje (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Grut-Brittanje.
United Kingdom of
Great Britain and Northern Ireland
Flagge fan Grut-Brittanje Wapen fan Grut-Brittanje
Motto: Dieu et mon droit
Folksliet: God save the Queen
Lokaasje fan Grut-Brittanje
Offisjele taal Gjin; Ingelsk de facto
Haadstêd Londen
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
244.820 km²
1,3­%
Ynwenners (2001) 58.789.194
Munt Pound (GBP)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei twadde sneon yn juny
Lânkoade GBR
Ynternet .uk
Tillefoan +44

It Grut-Brittanje, folút Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

Grut-Brittanje wurdt begrinzge troch:

Foar de Frânske kust, west fan Brittanje, lizze noch de Kanaaleilannen, en fierder hat Grut-Brittanje noch oerseeske gebieten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Wales kaam yn de 13e ieu ûnder Ingelsk regear. Doe't keningin Elizabeth I fan Ingelân stoarn wie, wie har tichste sibbe Kening James VI fan Skotlân. Hie wie de kening fan Ingelân en Skotlân, mar beide lannen bliuwen selstannich. Yn 1707, kaam de twa lannen inoar yn 'e mjitte mei de Treaty of Union, dêr't Grut-Brittanje út stifte is.

Om it jier 1800 hinne, hie Ingelân al mear as 600 jier sizzenskip oer Ierlân. Yn dat jier wienen wetten oannaam troch Grut-Brittanje, dy't net al te gaadlik foar Ierlân wienen. It wie ek tsjin de winsk fan de Ieren, dy't te lijen hienen ûnder it Britske regear. De namme fan it nije lân wie United Kingdom of Great Britain and Ireland. Yn 1922 krige Ierlân har ûnôfhinklikens werom (Republyk fan Ierlân) fan Grut-Brittanje. Hawar, seis noardlike provinsjes fan Ierlân wienen in part fan Grut-Brittanje bleaun. Grut-Brittanje krige in nije eigennamme; The United Kingdom of Great Britain and Northern Ireland.

[bewurkje seksje] Britske koloaniale ryk

De Wikipedy hat ek in side Britske Ryk.

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Hichte

Grut-Brittanje is it heechst yn it noarden, yn de Skotse Heechlannen, mei Ben Nevis (1.343 m.) as heechste punt. De heechlannen wurde spliten troch de Grutte Glen, om't se op in geologyske brekline lizze. Nei in smelle ûnterbrekking, dêr't Eddinboarch en Glasgow lizze, komme de Súdlike Boppelannen, dy't gjin heechlannen binne, mar dochs nog toppen hawwe dy't 843 m. (Merrik) en 840 m. (Broad Law) heech binne. De grins tusken Skotlân en Ingelân wurdt foarme troch de oergong nei de Penninen. Dizze binne yn it noarden noch heech, Krús Fel (893 m.), mar wurde nei it suden ta hieltyd leger. Noard-súd binne se al grut, mar east-west is dat net sa; foar it grutste part leit east en west fan de Penninen leger lân. Dit jout se de bynamme, de Rêchbonke fan Ingelân. It súdeasten fan Ingelân is dúdlik leger. Foar de westkant is dat net sa. Dêr lizze yn it noarden de Kumbryske Bergen, en yn it suden de hichten fan Devon. Dêrtuskenyn leit Wales, wat hielendal bergeftich is. Noard-Ierlân, as in part fan it eilân Ierlân, is heuvelich, lykas de oare parten fan it eilân.

[bewurkje seksje] Eilannen

Grut-Brittanje is in eilanneryk. Njonken it eilân sels heart Noard-Ierlân, in part fan it eilân Ierlân, ta it keninryk. Om dizze grutte eilannen hinne leit noch in ferskaat fan oare eilannegroepen en eilannen dy't ek ta it ryk hearre. Yn it noarden lizze trije grutte eilannegroepen: Sjetlân, de Orkaden en mear nei it westen de Hebriden. Ticht by de Hebriden, mar oan de oare kant van Kintyre, leit it eilân Arran. Yn de Ierske See leit it eilân Man, en ticht by de kust fan Wales lizze Angelseach en it lytsere Hillich Eilân. Yn it Bristol Kanaal leit Lundy, foarby de súdwestpunt fan Kornwal lizze de Skorels, en oan de súdkust fan Ingelân leit it eilân Wicht. Mar foar alle kusten lizze ek noch lytsere eilantsjes; Grut-Brittanje hat mear as tûzen lytse eillannen.

[bewurkje seksje] Wetter

Net allinich is der see oan alle kanten fan Grut-Brittanje, mar der rint ek in grut tal fan koarte rivierkes fan it binnenlân nei de kust. De langste rivier fan Grut-Brittanje is de Severn (354 km.), dy't troch Ingelân en Wales kringelt, en yn it Bristol Kanaal útkomt. In oare wichtige rivier is de Teems (346 km.), dy't troch Engelân rint, en nei't er troch Londen kaam is yn it Kanaal útkomt. De grutste mar leit yn Noard-Ierlân: Lough Neag. De djipste mar is Loch Morar yn Skotlân (309 m.), mei op it twadde plak Loch Nes (mar 228 m.). Troch de yntensyve yndustry wurdt it lân ek noch trochkrúst troch in grut tal fan kanalen.

[bewurkje seksje] Bestjoer

[bewurkje seksje] Yndieling

Ieuen fan skiednis spylje in rol by de bestjoerlike yndieling. Foar parten fan it bestjoer wurdt Grut-Brittanje opdield yn Ingelân, Skotlân en (Noard-) Ierlân, en ek wol Wales. Fierder jilde der noch hieltiid útsûnderings foar Kornwal, wat al mear as in milennium lyn troch Ingelân oerweldige is.

[bewurkje seksje] Hearrige gebieten

It eilân Man en de Kanaaleilannen binne sels hielendal gjin part fan it lân. Se meitsje al gebrûk fan tsjinsten fan Grut-Brittanje, en hawwe foar it grutste part deselde wetten, mar se hearre net ta it lân, mar ta de kroan. In gefolch hjirfan is dat se ek gjin part fan de Jeropeeske Uny binne.

[bewurkje seksje] Oerseeske gebieten

  • Anguilla
  • Bermuda
  • Britsk Antarktysk Gebiet
  • Britske Fammeneilannen
  • Britsk Yndyske Oseaan-gebiet
  • Britsk Syprus
  • Kaaimaneilannen
  • Falklâneilannen
  • Gibraltar
  • Montserrat
  • Pitcairneilanden
  • Sint-Helena
  • Súd-Geörgje en de Súdlike Sandwicheilannen
  • Turks- en Kaikoseilannen

[bewurkje seksje] Ekonomy

Londen is in plak dêr't in soad bedriuwen binne dy't ek hannel mei it bûtenlân hawwe. Mei New York City en Tokio is de haadsted Londen in plak dat de wrâldekonomy yn beweging hâldt. Grut-Brittanje hat de fyftgrutste ekonomy fan 'e wrâld en twadgrutste yn Jeropa nei Dútslân. Sûnt de tachtiger jierren wurdt it begryp Anglo-Saksysk model brûkt yn Grut-Brittanje, wêrby't liberalisearring, de frije merk, legere belestingen en minder foarskriften de grûnbegjinsels fan binne.

De Britten setten oan 'e ein fan de 18e ieu útein mei de Yndustriële Revolúsje. De ekonomy fan Grut-Brittanje wie op it foarste plak rjochte op skipbou, koalen, stiel produksje en tekstyl. It Britske Ryk makke it foar Grut-Brittanje mooglik en oerhearskje de ynternasjonale hannel yn de 19e ieu. Doe't oare lannen ek begûnen te yndustrialisearren en de lânbou gjin ferlet mear fan arbeiders hie, dêrby de ekonoamyske delgong nei de twa wrâldoarloggen, waard it minder mei de Britske ekonomy. De grutte yndustry rûn wilens de 20e ieu yn fases tebek. De Britske tsjinstensektor groeide linkedewei en beslacht no 73% fan it BYP.

[bewurkje seksje] Gearwurking

Grut-Brittanje is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945) dêr't it in permaninte sit hat yn de Feiligensried. It lân is ek stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). It lân is sûnt 1973 lid fan de Jeropeeske Uny, mar hat gjin diel oan de Monetêre Uny.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Oare talen

Static Wikipedia March 2008 on valeriodistefano.com

aa   ab   af   ak   als   am   an   ang   ar   arc   as   ast   av   ay   az   ba   bar   bat_smg   bcl   be   be_x_old   bg   bh   bi   bm   bn   bo   bpy   br   bs   bug   bxr   ca   cbk_zam   cdo   ce   ceb   ch   cho   chr   chy   co   cr   crh   cs   csb   cv   cy   da   en   eo   es   et   eu   fa   ff   fi   fiu_vro   fj   fo   fr   frp   fur   fy   ga   gd   gl   glk   gn   got   gu   gv   ha   hak   haw   he   hi   ho   hr   hsb   ht   hu   hy   hz   ia   id   ie   ig   ii   ik   ilo   io   is   it   iu   ja   jbo   jv   ka   kab   kg   ki   kj   kk   kl   km   kn   ko   kr   ks   ksh   ku   kv   kw   ky   la   lad   lb   lbe   lg   li   lij   lmo   ln   lo   lt   lv   map_bms   mg   mh   mi   mk   ml   mn   mo   mr   ms   mt   mus   my   mzn   na   nah   nap   nds   nds_nl   ne   new   ng   nl   nn   nov  

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu